Ferneamd!

30-03-2009 - Snein 11 febrewaris 2007 is der by ien fan de bern út myn klasse in kealtsje berne. It is nei my neamd. Ik bin tige fereare.

Dit skreau ik twa jier lyn in myn deiboek. Hjoed skeat itselde famke my oan by it hek foar skoalle. Hja fertelde dat 'myn' ko in kealtsje krigen hie, oft ik mar efkes in namme betinke woe.

Oer it betinken van nammen dogge de measte minsken moannen. No moast it gau efkes, want it kealtsje moast hjoed registrearre wurde. In namme mei wer in 'W'. Yn dit gefal moast it wis in Fryske namme wêze.

It kealtsje fan 'myn' ko hjit Wytske.

Mem en bern meitsje it tige goed!

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Tessa op maandag 30 maart 2009
Wat leuk! Gefeliciteerd! :-)