Marktplaats keart Fryske taal

02-03-2009 - Ofrûne freed kaam yn it nijs dat Marktplaats.nl gjin Fryske advertinsjes opnimt op de side. Marktplaats seit dat hja net yn steat binne advertinsjes yn it Frysk goed te kontrolearjen.

Yn it Nederlânsk en yn it Ingelsk kinne jo terjochte op Marktplaats.nl, mar yn it Frysk kinne gjin advertinsjes pleatst wurde. Neffens in wurdfierster fan Marktplaats kin net ien fan 'e meiwurkers kontrolearje oft der oanstjitjaande teksten of yllegaal materiaal oanbean wurdt.

Marktplaats beweart dat it tûker is om in Nederlânske advertinsje te pleatsen, omdat dan it berik grutter wêze soe. It is dochs eins wol nuver dat minsken net frij binne yn de kar fan de taal fan de advertinsje. Boppedat hawwe we it hjir oer it Frysk, de twadde rykstaal fan ús lân.

Boppedat kin ik my net foarstelle dat it oanbod fan advertinsjes mei yllegale of oanstjitjaande produkten yn it Frysk sa ferskriklik grut wêze sil. Of soe ik my fersinne?

Foarsitter Jabik van der Bij fan de belangenorganisaasje Ried fan de Fryske Beweging neamt it kearen fan it Frysk op Marktplaats healwiis.

"It is net sa dreech om ien te finen dy't de taal kontrolearje kin. Wêrom soenen jo dan wol Ingelsk tastean en gjin Frysk?"

De Ried fan de Fryske Beweging oerweaget nei de Ombudsman te stappen of in proefproses te begjinnen. It is in foarm fan diskriminaasje en de Ried beropt har op it hânfêst foar minderheidstalen fan it Europeesk ferdrach fan de Universele Ferklearring fan de Rjochten fan de Minske.

Om it Marktplaats.nl makliker te meitsjen, haw ik hjoed myn tsjinsten oanbean. Ik bin tige benijd nei de reaksje.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Fansels op maandag 9 maart 2009
De volgende reactie kreeg ik van Marktplaats:
De folgjende reaktie krige ik fan Marktplaats:

Beste Wopkje,

Hartelijk dank voor uw aanbod, we zijn blij dat de Marktplaats community zo met ons meeleeft.
Op dit moment zullen we geen gebruik maken van uw diensten maar wie weet in de toekomst.

In ieder geval vinden we het heel fijn dat u bereidt bent ons te assisteren.

Met vriendelijke groet,

Helpdesk medewerker
www.marktplaats.nl

R.M.Markus op dinsdag 24 maart 2009
Als rechtgeaarde Fries ben ik het helemaal eens met jullie. De Friese taal moet blijven en adverteren moet ook kunnen.Laten we in hemelsnaam de gekte rond het gebruiken van de Engelse taal een halt toeroepen, of ben ik ouderwets? Fryslan boppe.