Ljipaaisykje

27-02-2009 - Fan 1 maart oansteande ôf begjint it ljipaaisykjen wer. Tiisdei 24 febrewaris is besletten troch de rjochtbank yn Ljouwert dat it meinimmen fan aaien tastien is as in sms-registraasjesysteem brûkt wurdt.

De finer fan in aai moat neffens dit systeem in aaisikerspas hawwe en by it finen fan in aai in sms stjoere, sadat byhâlden wurde kin hoefolle aaien al fûn binne. Jierliks meie maksimaal 6.431 ljipaaien meinaam wurde.

Yn juny oardielde de Steatsrie dat it meinimmen fan ljipaaien tusken 2003 en 2007 ûnrjochtmjittich wie. De provinsje Fryslân, de iennige Europeeske regio wêr't noch ljipaaien socht waard, bliek ûnfoldwaande dien te hawwen om der foar te soargjen dat men net oer it maksimum oantal fan 6.431 komme soe.

Op 15 jannewaris ferline jier joech de provinsje in nije ûntheffing fan de Europeeske fûgelrjochtline ôf. Dit betsjutte dat de 6.500 leden fan de fûgelwacht oant en mei 2012 aaisykje mochten. De útspraak fan de Steatsrie oer de earder ôfjûne ûntheffing ferplichte de provinsje ta it ynstellen fan in systeem om te kontrolearjen oft er net te folle aaien meinaam wurde soenen.

De Faunabeskerming, dy't al sûnt 1976 striidt tsjin it sykjen en meinimmen fan de ljipaaien, hat dit beslút by de rjochter oanfochten, omdat it net in wetterticht systeem wêze soe. Dizze oardielde dat de 6.500 leden fan de fûgelwacht fan 1 maart ôf aaisykje meie. De rjochter wiist derop dat der gjin inkeld systeem wetterticht is en fynt it no ynfierde systeem goed genôch.

Foarstanners fan it behâld fan de tradysje stelle dat it aaisykjen net skealik is foar de populaasje omdat de ljip goed yn steat is foar in twadde kear aaien te lizzen. Boppedat soargje de aaisikers foar neisoarch, hja markearje de nêsten, sadat de boeren de nêsten fan de greidefûgels sparje kinne by it meanen. Tsjinstanners sizze dat troch it hieltyd betider meanen in protte fan dy twadde lêgen ferlern gean.

Fraach is no: wannear wurdt it earste ljipaai fûn en wa bringt it neffens de tradysje nei de Kommissaris fan 'e Keninginne en nimt de Sulveren Ljip yn ûntfangst? Ferline jier waard it earste ljipaai fan Fryslân fûn op 6 maart.

In gokje weagje?

Jo kinne op dizze side in gokje weagje en jo reaksje efterlitte. Neam de datum en de tiid fan it finen fan it earste ljipaai.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Wopkje op zondag 1 maart 2009
It earste ljipaai sil tink ik fûn wurde op woansdei 4 maart om 11.30 oere.

D. de Vries op maandag 2 maart 2009
Donderdag 5 maart, 8.30 uur.

Sint Smeding op dinsdag 3 maart 2009
Vrijdag 20 maart om 14:15.

Wopkje op woensdag 4 maart 2009
It blykt wol wer: Ik ha gjin ferstân fan ljippen...
Oaren mear súkses!

Fansels op maandag 9 maart 2009
SCHARNEGOUTUM - Het eerste kievitsei van Friesland is zondagmiddag 8 maart 2009 rond 15.45 uur gevonden bij Scharnegoutum. De vijftigjarige veehouder Tjeerd Beukens vond het op zijn eigen land. De vondst is evenwel niet erkend. Vogelwachtersbond BFVW stelt vast dat niet de juiste procedure is gevolgd.
Lees verder op: http://www.leeuwardercourant.nl/nieuws/regio/article4458410.ece/Eerste_kievitsei_geweigerd

Fansels op dinsdag 10 maart 2009
Het kon natuurlijk niet lang meer duren. Daar was het al!
It koe fansels net lang mear duorje. Dêr wie it al!

TZUM - Vader Wytze en zoon Meinte Meinsma hebben maandagavond rond 18.15 uur het officiële eerste kievitsei van Fryslân gevonden. Ze hebben het ter plaatse, in een stuk land bij Laakwerd, per sms'je aangemeld bij het digitale kievitenregistratiepunt. Het werd direct erkend.

Later op de avond is het ei op het gemeentehuis in Franeker ‘gelotterd' in bijzijn van burgemeester Marian Haveman. Het bleek vers. Dinsdagmiddag wordt het in Leeuwarden aangeboden aan commissaris der koningin John Jorritsma.

Fansels op dinsdag 17 maart 2009
Eerste kievitseieren per gemeente:
http://www.leeuwardercourant.nl/ei/

g.k.kok op vrijdag 22 februari 2019
hoe heet een nest met 4 kievitseieren in het fries?in broedsje???

Wopkje de Jong op vrijdag 1 maart 2019
Beste mijnheer of mevrouw Kok,

Een nest met 4 kievitseieren heet inderdaad 'in broedsje'!

Met vriendelijke groet,
Wopkje de Jong