Fansels!

23-02-2009 - Yn it foarige blogberjocht hie 'k eins in foarbyld jaan wold fan it nij Frysk Hânwurdboek op 'e kompjûter. Alle ûngefear 70.000 wurden wurde wiidweidich behannele en ferskate wurden hawwe ek ferwizings nei wurden mei ûngefear deselde betsjutting. Hjirûnder folget in foarbyld.

wurd

fan’sels - bywurd & útropwurd  [fɔⁿsɛls], [fəsɛls] (fonetysk)

betsjutting

1. sûnder help of oarsaak fan bûten ôf, spontaan
2. gjin taljochting nedich hawwend, sa't men wol begripe kin
3. <útropwurd> jawis

idioom + foarbylden

giest mei? fansels!
jawis

hy wie poer fansels
hy wie poer, dat kinst wol begripe

dat sprekt fansels
dat is logysk, dat kin net oars, dat seit himsels

sprekwurden

fansels komt neat (oars net as lang hier en grouwe luzen)
alles hat in oarsaak

de man de broek en de frou/it wiif de pels, dan geane de dingen meast fansels
elk moat him by syn eigen wurk hâlde

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.