Nij Frysk Hânwurdboek

20-02-2009 - In moanne lyn is it nije Fryske Hânwurdboek útkaam. Sûnt rom trije wike bin ik de grutske besitter fan dit prachtige wurdboek.

It nije Fryske Hânwurdboek bestiet út twa dielen. Tige dúdlike boeken, mei in wiidweidige beskriuwing yn it Frysk. Ik brûk dit boek dochs wol regelmjittich en mei namme foar Frysktalige minsken is it in prachtich wurdboek. Ik bin tige bliid mei it ferwizingssysteem.

Sûnt hjoed haw ik de dvd dy 't by dit wurdboek heart ek ynstallearre. Ik bin tige optein oer de mooglikheden. It wurket allegearre sa praktysk. It siket maklik en der is in tige dúdlike omskriuwing en 'help'-mooglikheid. Earst tocht ik dat ik hiel bot wenne moatte soe, mar dat falt o sa ta. Yn in omsjoch fiel ik my hielendal thús mei dizze mooglikheid.

In echte oanrieder!



Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Rixt de jong op zaterdag 14 maart 2009 om 11:14
Het voldoet heel goed, geloof ik.

Roel Hes op zondag 18 april 2010 om 13:35
wêr is it te keap?
Groetnis
Roel Hes

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: