Nij Frysk Hânwurdboek

19-01-2009 - Hjoed is de dei dat It Frysk Hânwurdboek oanbean wurdt oan minister Plasterk (Underwiis, Kultuer en Wittenskip). Dit wurdboek is in koproduksje fan de Fryske Akademy en de Afûk.

It hjir boppe neamde wurdboek (mei sa 'n 70.000 wurden), wêroan al yn de jierren njoggentich begûn waard, is in ferklearjend Frysk wurdboek. Alle ferklearjende omskriuwingen binne yn it Frysk jûn. It is dus net in fertalend wurdboek sa as wy dy foar it Frysk al koenen mei betsjuttingen yn in oare taal, mar in echt wurdboek sa as de Van Dale dat is foar it Nederlânsk.

De redaksje bestie út Rienk de Haan en Hindrik Sijens. Pieter Duijff en Frits van der Kuip hawwe oanfoljend redaksjewurk fersoarge en in yntinsive einredaksje.

Dit wurdboek is in logyske stap foar de emansipaasje fan it Frysk. De status fan in taal wurdt ferhege as der in hânwurdboek is wêryn de wurden ferklearre wurde yn deselde taal. Foar offisjele talen is dit fanselssprekkend, mar foar minderheidstalen faak in ûnmooglike opjefte of in bliuwende winsk.

In twadde reden om in ientalich wurdboek te skriuwen is mear ynhâldlik en wittenskiplik. Mei help fan de eigen taal kinne better nuânses yn de betsjutting ûnder wurden brocht wurde.

Dit wurdboek komt woansdei yn 'e winkel en ik bin der tige benijd nei. Ik haw yntusken yntekene om wis te wêzen dat ik yndie woansdei de grutske besitter wêze sil fan dit foar my weardefolle boek. Yn ien fan myn folgjende bloggen sil ik hjiroan noch wiidweidich oandacht jaan.



Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Der binne noch gjin reaksjes pleatst by dit artikel.