Lekker beppe, sûkerbôle!

19-11-2008 - Dat Friezen swietbekken binne is algemien bekend. Men kin dat witte oan ferskate Fryske produkten. Tink bygelyks oan oranjekoek en sûkerbôle.

Us heit fertelde eartiids faak in âld folksferhaal dat giet oer Menno Simons út Wytmarsum. De Mennisten soene ta de ierste swietbekken rekkene wurde moatte. Wat wie it gefal? Yn de earste helte fan de sechstjinde ieu stie Simons yn 'e iepen loft te preekjen op in sjerpfet. It lid fan it fet briek en Simons sakke oan 'e mul ta yn it swiete guod. Om de man wer skjin te krijen, hawwe syn oanhingers him mei syn allen ôfslikke. Sûnt dy tiid binne Friezen slij nei swiet.

Oft it wier is, dat witte wy fansels net. Wol wier is, dat, as Friezen emigrearje nei it bûtenlân, sûkerbôle ien fan 'e Fryske dingen is dy't hja misse.
De lêste jierren binne der al frijwat 'hippe' resepten mei sûkerbôle kaam. Der bestiet bygelyks sûkerbôle-iis en sûkerbôlepudding, al dan net mei Beerenburch of boerejonges.

In gewoan en lekker resept folget hjirûnder. Jo moatte jo fansels net eltse dei te bûten gean oan dizze bôle, want der sit sa'n 40% sûker yn. By de kofje ynstee fan gebak of by in wat wiidweidiger moarns- of middeisbrochje is it hearlik. Ferjit net om der royaal boerebûter op te smarren foardat jo it ite.

Sûkerbôle (tiid om it te meitsjen: ûngefear 2 oeren)

75 gram bûter
500 gram blom
1 mespuntsje sâlt
1 ½ dl molke
25 gram gêst
3 ytleppels gemberwiet
2 aaien
1 teeleppel kaniel
100 gram klûntsjegrús

It meitsjen

Raan de bûter yn in panne op in leech fjoer en lit it dêrnei ôfkuolje. Souje it moal mei it sâlt boppe in kûm. Ferwaarmje de molke lijwaarm en los it gêst op yn de lije molke. Meitsje in kûltsje yn it moal en jit de gestoplossing deryn. Doch de ôfkuolle bûter der ta, it gemberwiet en de aaien ek en knyp alles ta in linich daai. Dek it daai ôf mei in fochtige doek en lit it 1 oere op in waarm plak riizje. Knyp kanielpoeier en klûntsjegrús troch it daai. Fetsje in bôleblik yn mei bûter en bestrui de binnenkant mei sûker.  Doch it daai yn it blik en lit it 15 minuten neiriizje. Ferwaarmje yntusken de ûne op 200 graden Selsius. Bestrui de boppekant fan it daai mei klûntsjegrús en bak de bôle yn 30 minuten gear en brún.

Lekker ite!

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Sint Smeding op woensdag 19 november 2008
Ik haw ek wol ris wentelteefjes en sels tiramisu fan sûkerbôle iten. Grappich wat men allegearre betinke kin mei sokke klassike Fryske spesjaliteiten!

Wopkje op woensdag 19 november 2008
Betanke foar dyn reaksje, Sint!
Dat liket ek wol hiel lekker. Mar ris sjen, oft dêr in resept fan op te djipjen is.
Wytst dat 'wentelteefjes' yn it Frysk 'hânsfuotsjes' of 'brette hânsfuotsjes' hite?

Getje op zaterdag 28 november 2015
Ik zoek naar Sukermankes, of een recept voor Sukermankes.

Wopkje de Jong op zaterdag 28 november 2015
Hallo Getje,
Als ik 'sukermankes' google, dan kom ik uit op Ameland, maar zonder recepten. Zelf had ik hier nog nooit van gehoord. Zijn het een soort van 'speculaasmannen'?
Groet, Wopkje