Fryslân en it Frysk yn it koart

06-11-2008 - Om in yndruk te jaan fan it ûntstean fan it Frysk en de flagge, hjirûnder in gearfetting fan de histoarje fan Fryslân: koart troch de bocht.

Eartiids besloech it Fryske keninkryk de hiele kustline fan België oant Denemarken. Yn dit hiele gebiet waard Frysk sprutsen. Der binne Aldfryske teksten bekend út 'e sânde ieu. De Friezen hannelen in soad mei de Ingelsen, sadwaande liket it âld Ingelsk en it Frysk in soad op inoar. (Tink oan: cheese-tsiis, church-tsjerke ensfh.).

It Frysk is krekt wat âlder dan it Nederlânsk en hat in eigen stavering, grammatika en literatuer. It Frysk fynt syn oarsprong net yn it Nederlânsk, it is earder oarsom. Letter hat it Frysk har ek wer ûntwikkele troch ynfloeden fan it Nederlânsk. Binnen it Frysk binne der, krekt as yn elts taalgebiet, in tal dialekten (sjoch it foarige weblog). Yn it noarden fan Dútslân binne der noch in oantal gebieten wêr't men ek Frysk praat (bygelyks Noardfrysk en Saterfrysk).

It Fryske ryk is yn 'e oarloch tsjin de Franken en de Saksen ferslein en útinoar fallen. Ein achttjinde, begjin njoggentjinde ieu is Fryslân in provinsje wurden fan Nederlân. It bewust wêzen fan de eigen taal, kultuer en identiteit hat Fryslân it gesicht jûn fan hjoed de dei.

De Fryske flagge hat fjouwer blauwe en trije wite skeane banen. Yn de wite banen sitte sân pompeblêden. De sân pompeblêden hawwe te meitsjen mei de sân Fryske seegewesten yn 'e Midsieuwen. De flagge waard yn 1879 goedkard troch Deputearre Steaten. Yn 1927 waard de flagge foar it earst offisjeel brûkt.
Pas yn 1957 hat de flagge in status en erkenning fan it Keninkryk der Nederlannen. In kommisje fan it Genealogysk Wurkferbân fan de Fryske Akademy hat de skiednis fan de flagge ûndersocht en is mei in rapport kaam. Dit is troch de Provinsjale Steaten fêststeld en troch Keninginne Juliana befêstige wurden.

De Fryske flagge is dus ek al hiel âld. De pompeblêden binne gjin hartsjes, ek al fine sommige minsken dat wol in leaflik idee. It binne blêden yn 'e foarm fan it blêd fan de giele plomp.
Eltsenien is frij om de flagge te brûken. Tink bygelyks oan it tenue fan 'e Hearrenfeanske fuotbalclub en oan 'Friesche Vlag' (suvel).

Sels fyn ik it net nuver om grutsk te wêzen op ús taal, kultuer en identiteit. As jo in kostber stik ervje fan jo foarâlders, moatte jo dêr ek goed op passe. Sa is it ek mei ús taal. It soe ivich skande wêze dat it Fryskeigene ferdwûn troch it net ûnderhâlden dêrfan (yn 'e romste sin fan it wurd).

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Jan Klunder op zondag 28 december 2008
Graag zou ik willen weten hoe het Friese Leesplankje in het Fries heet. Is dat nog verkrijgbaar?

vg Jan Klunder

Wopkje de Jong op maandag 29 december 2008
Bêste mynhear Klunder,

It wurdt gewoan 'Frysk lêsplankje' neamd. Der binne yn 't ferline yn elts gefal twa lêsplankjes west. Ien mei de folgjende wurden: par - sok - pet - hin - bok - jas - in rûp - hoep - fyts - nút - it laam - fé kij - reek - piip - loop - mûs - doek - rêch. De oare begûn mei Jaap - Lys - mem. Ôfbyldingen fan beide lêsplankjes ha ik jo yn in mail tastjoerd.
Oft de lêsplankjes noch te keap binne, doar ik jo net te sizzen.

Wopkje de Jong

frouwkje op donderdag 19 februari 2009
Soene jo de ôfbyldingen fan beide lêsplankjes my ek tastjoere wolle?. Myn tante ut Rottefalle hy in kranteartikel mei neffens my ek noch in oare. Ik fyn soks prachtich!

Johan Jansen op zondag 15 augustus 2010
Wij hebben op ons museum te Ootmarsum: Het Educatorium een fries leesplankje van Jaap en Lys! Het bestaat uit twee delen.

Wopkje de Jong, Fansels op donderdag 26 augustus 2010
Bedankt voor uw reactie. Erg leuk dit te horen!

Greja op vrijdag 3 december 2010
Ik lees hier over het Fries leesplankje. Mijn vraag: van wanneer zijn deze plankjes, zijn ze nog te koop en zo ja, waar (is misschien meer over bekend sinds 29-12-2008)?
Alvast bedankt voor de moeite.
Greja Drost.

Julia Postma op maandag 2 juli 2012
Weet niet of het zin heeft, maar kent iemand het volgende gedicht. Het begint: Kwam de winter ons verrassen, kwam de winter ons te vroeg. Heeft men in menig kist of kasten wel voorraad genoeg. Ik kan het m'n vader helaas niet meer vragen.

Vriendelyke groeten vanuit Maastricht