Wêr komme jo wei?

30-10-2008 - As jo jo der in lyts bytsje op talizze is it hiel goed mooglik om oan 'e hân fan 'e manier wêrop't minsken Frysk prate, út te meitsjen wêr út Fryslân minsken wei komme.

De fjouwer soarten Frysk dy't op it fêste lân fan Fryslân sprutsen wurde, binne de folgjende:

  • It Klaaifrysk (yn de Klaaistreek)
  • It Wâldfrysk (yn de Fryske wâlden)
  • It Súdwesthoeks (yn 'e Súdwesthoeke)
  • It Hylpers (Hylpen – Hindeloopen).

Út it Klaaifrysk en it Wâldfrysk is it Standertfrysk ûntwikkele, dat as ûnderwiis- en bestjoerstaal brûkt wurdt.

Omdat Hylpen in havenplak wie, is Hylpers in hiele spesjale taal, mei ynfloeden fan Skandinavysk, Dútsk en Ingelsk.

Om it nochris ekstra yngewikkeld te meitsjen, prate minsken yn dizze fjouwer gebieten ek net allegearre itselde Frysk. De klanken fan bygelyks 'ei' en 'ij' wurde op plakken yn sa 'n gebiet oars útsprutsen. Bygelyks yn 'e omkriten fan 'e Westereen is de 'ei' samar in 'ee': myn ween. Yn Drachten sprekke minsken boartsje út as 'bjatsje'.

Yn Fryslân wurdt ek Stedsfrysk sprutsen, in mingfoarm tusken Frysk en Nederlânsk, mar dat moat eins rekkene wurde ta it Nederlânsk. Op 'e Waadeilannen wurdt Aastersk en Westersk (Skylge) en Skiermûntseachs of Eilânsk sprutsen. Ek dy talen wurde rekkene ta it Nederlânsk.

Jo kinne, krekt as yn 'e rest fan Nederlân, ek yn Fryslân hearre út hokfoar kontreien de minsken komme.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Hilde op zondag 2 november 2008
Interessant te weten Wopkje! Weer wat geleerd van Friesland. Goede website trouwens. Leuk juh!
Groetjes Hilde