Troch mear te lêzen better Frysk skriuwe

23-10-2008 - De earste wurdsjes dy't ik learde te lêzen en te skriuwen op de legere skoalle, wienen fan it Fryske lêsplankje dat begûn mei 'par-sok-pet'. It Frysk is al lang net mear de taal wêryn't je leare te lêzen, mar is yn in protte Fryske hûshâldings noch altyd dé fiertaal.

It falt my regelmjittich op dat in protte bern en jongerein harren it maklikst útdrukke yn it Frysk, ek al wurdt der op skoalle foaral Nederlânsk sprutsen en is der heechút in pear oeren yn 'e wike oandacht foar de Fryske taal yn 'e les. Ik merk (bygelyks op Hyves) dat in soad jongeren harren tinzen ek graach yn it Frysk opskriuwe meie. Dat hja hjirby somtiden troch de fonetyske wize fan opskriuwen skriuwflaters meitsje, is net foar te kommen, mar de wil is der!

In wichtich ûnderdiel fan it skriuwe kinnen yn in taal is it wurdbyld. Op it stuit dat jo in wurd opskriuwe soarget it wurdbyld der foar dat jo fuortdaalks yn 'e gaten hawwe oft dit wurd goed skreaun is of net. Dit wurdbyld ûntwikkelje jo troch in soad te lêzen yn in taal.

Der bestiet blykber in drompel om Fryske boeken te lêzen en Fryske media te folgjen (regionale televyzje en Fryske websiden). As troch de jeugd mear Fryske boeken lêzen wurde soenen, soe de kwaliteit fan it Frysk dat hja skriuwe oanmerklik foarút gean.

Om jo te uterjen yn it Frysk is it ek nedich it te doaren. As jo witte dat jo net goed Frysk skriuwe kinne, kin dit in reden wêze om it ek net te besykjen, bang om flaters te meitsjen. Troch regelmjittich mei it skreaune Frysk yn oanrekking te kommen, ûntwikkelje en ûnderhâlde jo it Fryske wurdbyld. Dan kin it Frysk foar jo as Fries krekt in maklikere manier wêze om dingen op te skriuwen: yn de taal fan jo hert.

Lees deze blog in het Nederlands

Reaksjes

Rixt op vrijdag 24 oktober 2008 om 12:05
Hoi!
Mag ik je Friese woordenboek even lenen?
Groetjes Rixt

Wopkje op vrijdag 24 oktober 2008 om 15:57
Ha Rixt!
Fansels meist dat liene.
Wat faker, wat leaver! :-D
Leafs, Wopkje

Lit jo reaksje efter

Namme:
E-mailadres: (wurdt net werjûn)
Webside:
Berjocht: