Kosten
Om sa goed mooglik op jo winsken oanslute te kinnen, meitsje ik graach in offerte op mjitte.
Foar oersettingen oant 50 wurden binne de kosten € 10,00. Fan 50 wurden ôf jildt it taryf fan € 0,15 it wurd.
De kosten foar it korrizjearjen fan tekst oant 100 wurden binne € 10,00. Fan 100 wurden ôf is it taryf 0,07 it wurd.
Sommige fertalingen freegje om in spesifike oanpak dy't fan ynfloed wêze kin op de kosten, bygelyks lietteksten, haastwurk of teksten út in frjemde taal nei it Frysk. Hjir is it tige wichtich foar om maatwurk te leverjen. As jo my jo tekst maile, meitsje ik in passende offerte.
Binne jo nijsgjirrich nei wat jo fertaling kostje sil? Nim dan gerêst frijbliuwend kontakt op.
Moaie wurden en sechjes op Twitter:
- In 'preamkeskower' is immen dy't knoffelich reedrydt, benammen mar ien skonk brûkt om ôf te setten. #Frysk #moaiwurd
2 februari 2012 16:59 - In 'klúnhakke' is in minne, knoffelige, bryk streekjende reedrider. #moaiwurd #Frysk
2 februari 2012 16:51
Folgje Fansels op Twitter:
@Fansels
Nederlands
Frysk

